![]() | De hel van '63 (2010)Net tsjinsteande it minne waar beslút it bestjoer fan it Frysk alvestêdekomitee ûnder druk fan de media mei de lytst mooglike mearderheid fan stimmen dat de alvestêdetocht plak fine sil. By de tûzenen dy't in startbewiis feroverje sitte ek soldaat Henk (Cas Jansen), boeresoan Sjoerd (Lourens van den Akker), arbeider Kees (Chris Zegers) en ferpleegster Annemiek (Chava voor in 't Holt). Alle fjouwer ha sy sa har eigen redens om dizze tocht der tochten te riden. Troch de dramatyske en heroÿske barrens sil dizze alvestêdetocht ek foar Henk, Sjoerd, Kees en Annemiek as ien fan de meast legendaryske de skiednis yn gean. |